Us relaasje wie yn de rin fan’e jierren sadanich feroare, dat der hyltyd mear irritaasjes kamen, dy’t útrinne koene op grutte rûzjes. Op in stuit kaam it besef, dat ik sa net langer troch gean woe.

It wie yn alle gefallen de muoite wurdich om út te sykjen as dit de wei wie om ús relaasje in positive ‘boost’ te jaan.

Sûnder omhaal fan wurden wol ik in pear stekwurden opskriuwe oer myn erfaring mei Jacoline: noflik yn it petear, fertroulik, saakkundich, ferrassend, ynspirearjend. Wat yn it hiele proses ek mei help, wie de kristlike eftergrûn fan beide kanten.

It helpt my opkommende irritaasjes earder besprekber te meitsjen, sa’t it net útrint op in grutte rûzje. Ik besykje no ek mear te sjen, hoe’t de oar it belibbet. Ek haw ik ynsjoch krigen, hoe wichtig de balâns yn it ‘libbenstsjil’ is. Dêr wurdt hyltyd noch oan wurke en de oandacht dêrfoar sil bliuwend wêze.

Wat foar my ek in ‘eyeopener’ wie, is hoe’t myn frou mei har tal wurksume oeren om gie en wat no ferstannich is om te dwaan: begrinzje! Dat is yn it foarste plak in needsaak foar harsels, mar it sil ús relaasje ek ten goede komme.